Cultuur en uitgaan

Sjoukje Feenstra fynt earste ljipaai fan Top & Twel

Sjoukje fûn by de jeugd de ôfrûne jierren ek al trije kear it earste ljipaai. Wy hawwe hjir dus te krijen mei in betûft aaisykster. Lokwinske Sjoukje!

Afbeelding
Toppenhuzen/Twellegea- Moandeitemiddei om 14.50 oere hat Sjoukje Feenstra it earste ljipaai fan Top &Twel fûn. Sjoukje fûn it aaike yn de Afkepolder yn it lân fan Luuk Westert. It bewiis is fuortendaliks op foto fêstlein. Goed nijs foar de Fûgelwacht fan Top & Twel, want no kin ek de neisoarch begjinne. En wy kinne ek wol wat posityf nijs brûke yn dizze tiid.

Bron: http://www.topentwelonline.nl/

Afbeelding