Nije bondel Willem Abma: ‘Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben’
De bondel foarmet de delslach fan syn mystike leauwe en oanhâldende ferlet om yn de inerlike dialooch fan it gebed it kontakt mei God te ûnderhâlden. De bondel is opboud út sân skiften. Yn it earste skift leit de klam op de emoasje en net op it begripe wollen. Mystyk is yn de fersen fan it skift “Brêge” it ûnderlizzende thema. Yn it skift “De Reed” komt nei foaren hoe wichtich ûnderfiningen yn de iere bernejierren foar de geloofsfoarming fan de skriuwer west hawwe. Yn it skift “Yn ’e jûntiid” oertinkt de skriuwer de tichterby kommende libbensein. De bondel wurdt ôfsluten mei de skiften “Gebeden, Geastlike lieten en “Sa beskôge”.

Uitgeverij Wijdemeer Leeuwarden-www.wijdemeer.nl
Utfiering: hardcover, 72 siden Ferkeappriis € 19,90 Boekfersoarging Gert Jan Slagter







