Grutte gedichtejûn yn Kafé Vellinga Snits
Snits - Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 31-01-2013 yn Snits tusken 20:00 en 23:00 oere in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden: Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze, poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze, gewoan komme te harkjen. Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 yn Snits.

Yntree fergees. Mear info: www.ensafh.nl.













