Cultuur en uitgaan

Bruorren Kuiper winne beide in Rely Jorritsmapriis

De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Afbeelding
Snits-Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper (foto) út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea.

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útriktyn it doarpshûs te Weidum.

Foto archief Henk van der Veer

Afbeelding