Bolsward - In wier bard ferhaal oer leafde en ferset yn Fryslân. Oarlochstriennen is in foarstelling oer trije jonge froulje : Esmée van Eeghen, Joop van den Helm –Logtenberg en Antonette Jaakke. Sy binne alle trije berne yn Amsterdam, en sy komme yn de jierren ’40-‘45 nei Ljouwert ta. Jonge froulju fan respektivelik 22,35 en 20 jier.
Astrid Reitsema, Tet Rozendal en Marijke Geertsma spylje op 7 febrewaris om 20.00 oere in ekstra foarstelling fan Oarlochstriennen yn it Marne Theater yn Boalsert. Sy fertelle it wier barde “Oarlochsferhaal “ fan Antonette Jaakke, Esmée van Eeghen en Joop van den Helm - Logtenberg. Regy Jan Arendz
Allegear op harren eigen wize belutsen by’t Ferset, is it de leafde foar in man dy’t harren nei Fryslân bringt. Joop is troud is mei Krijn van den Helm, dy’t op dat moment in belangrike spil is yn it Fryske Ferset. We folgje de úntwikkelingen fan Antonette, Esmée en Joop. Trije libbentriedden dy’t elkoar reitsje en dêrtroch in ûnûntkombere ynfloed ha op elkoars fierdere libben. Hoewol berne yn Amsterdam, binne de oarlochsjierren yn Fryslân bepalend foar de rest fan it libben fan dizze trije frouen.
Sjoch op www.jmteaterwurk.nl // Kaarten € 12,50 foar dizze jûn kinne jo bestelle by it Gysbert Japicxhûs 0515-573990