Frânske filmkomeedzje nei Notaristún Jorwert
Iepenloftspul De Famylje Bellier fertelt oer famylje Bellier, it doarp dêr’t sy wenje en it koar dêr’t hast elk út it doarp bysit. Opbout as Netflix-seary komst yn sân ôfleverings yn ‘e kunde mei de famylje Bellier en har doarpsgenoaten.

Utsein âldste dochter Famke, is elkenien yn de famylje Bellier dôf. Op de pleats dêr’t sy buorkje en yn it doarp tsjinnet Famke dan ek as ferbining nei de bûtenwrâld ta. Hjirtroch is Famke in ûnmisbere skeakel yn it libben fan it gesin. Mar.., Famke dreamt der fan om út te brekken. Se dreamt der fan om fuort te gean en frij te wêzen. At de âldste dochter by it doarpskoar giet, blykt se oer sa’n bûtengewoan moaie stim te beskikken dat de dirigint har oanriedt en doch dêr wat mei. Famke belânet yn in ûnmooglike spagaat: Kiest se foar harsels, of kiest se foar de famylje? Kiest se foar har stim, of lit se dy ferstomme?
De kaartferkeap fan De Famylje Bellier is iepen: https://www.iepenloftspuljorwert.nl/kaartverkoop/







