It Snitser Toaniel bringt komeedzje nei Theater Sneek: Jongerein en folwoeksenen spylje ‘We komme der oan!’
SNEEK - It Snitser Toaniel spilet op 28 en 29 novimber it blijspul ‘We komme der oan!’ yn Theater Sneek. In fleurich stik weryn’t fiif jongerein in promininte rol hawwe.

‘We komme der oan!’ is in fleurich toanielstik oer in groep minsken dat inoar moetet trochdat sy ûnferwachts yn in file bedarje. De ynsittenden fan de trije auto’s binne elk ûnderweis nei in oare bestimming. Sa is der in húshâlding op wei nei Spanje foar in fakânsje en is der in pensjonearre stel dat nei harren dochter sil om harren oansteande skoansoan te moetsjen. Yn de tredde auto sitte fanatike fuotbalsupporters ûnderweis nei de wedstriid fan it jier.
De file dêr’t sy yn bedarje soarget foar problemen. En as de file mar net oplost, dogge de tsjinslaggen har wurk en reitsje de minsken mei-elkoar yn de knoop. Sille se de bestimming noch berikke? En sa ja, sil dat ek op tiid wêze? En boppe-al: wòlle se der noch wol hinne?
‘We komme der oan!’ is skreaun troch Niels Robbens en nei it Frysk oersetten troch Snitser Gurbe Dijkstra. De rezjy is yn hannen fan Lucienne van der Meulen, ek út Snits.
De spilersploech is ôfrûne simmer úteinsetten mei de repetysjes en kin net wachtsje om it resultaat fan harren ynspannings oan toanielleafhawwers sjen te litten. De spilers binne Gerard Hamersma, Boukje Hofma, Arnold Brouwer, Gonny Bosgraaf, Rex Adema, Wesley Zandstra, Siebolt Bouma, Bram Zwart en Djustin de Jong.
It stik wurdt op 28 en 29 novimber om 20.15 oere spile yn Theater Sneek. Kaarten binne te keap fia de website fan Theater Sneek.
It Snitser Toaniel (foarhinne Teater Snits) is grutsk op dizze earste produksje fan it teaterseizoen. De Snitser toanielploech wol graach ferjonge en dat is slagge: yn dit stik spylje leafst fiif jonge akteurs. In boppeslach!












