Teater Snits hat in nije namme: It Snitser Toaniel
SNITS - Toanielselskip Teater Snits hat in nije namme: It Snitser Toaniel. Dat is sneontejûn bekendmakke by de reüny fan it selskip yn Lokaal 55 yn Snits. Neist de nije namme, is der in nij logo presintearre. ,,Wy wolle foarútsjen en ek de jonge generaasje waarm meitsje foar toaniel. In nije namme en in fris, modern logo hearre dêrby.”

De nammewiziging fynt plak yn in bysûnder jier: yn 2025 bestiet Teater Snits 175-jier. De toanielferiening hat har al dy jierren ynset foar de Fryske taal en kultuer én is dêrmei de âldste, noch aktive amateurtoanielgroep fan Fryslân. Foar dizze prestaasje krige Teater Snits ôfrûne jannewaris de keninklike earepinning takend.
Keninklike ûnderskieding
De keninklik ûnderskieding wie foar Teater Snits it lêste triuwke foar in nammewiziging. ,,De earepinning symbolisearet it respekt en de wurdearring dy’t de kening hat foar de bysûndere fertsjinsten fan ús feriening. Dat makket ús grutsk en wolle wy útsutelje yn in nij logo”, seit Folkert Sybrandy, foarsitter fan de toanielferiening. ,,Dêrby komt dat der in nij en jong bestjoer sit dat de blik foarút hat. It wol fernije en ferjonge. Hjir past in nije namme en nije útstrieling by.”
In oar argumint foar in oare namme is dat de skouboarch yn Snits, Theater Sneek, deselde namme hat. ,,Teater Snits en Theater Sneek, beide yn ien stêd, soarget al jierren foar betizing by de Snitsers.”
Namme It Snitser Toaniel
De namme It Snitser Toaniel is neffens it bestjoer in ‘no nonsense namme’. ,,Hy jout sûnder poespas oan wat wy dogge: toaniel meitsje foar de stêd Snits. Yn it Frysk, mei each foar it Sneekers en oare talen yn de stêd.”
Logo mei in kroantsje
It Snitser bedriuw GREYD! concept-ontwerp hat it nije logo ûntwurpen. In fris en eigentiidsk ûntwerp yn de kleuren pears en goud, mei in promininte rol foar de kroan. ,,Het bestuur vroeg nadrukkelijk om de kroon van de koninklijke erepenning te verwerken in het nieuwe logo”, zegt Attie Brouwer van GREYD.
![]()
It nije logo
Het theatermasker, dat al onderdeel was van het vorige logo, heeft GREYD! een moderne uitstraling gegeven. Brouwer: ,,Paars weerspiegelt de rijke historie van de vereniging, haar creativiteit en koninklijke allure. Daarnaast heb ik gekozen voor een warme goudtint passend bij een kroon maar die ook staat voor succes, warmte en de positieve energie die de vereniging wil uitdragen.”
Oer Teater Snits, tenei It Snitser Toaniel
De woartels fan Teaters Snits geane werom nei 1850, doe’t Krite Snits oprjochte is. Snits heart ta de earste plakken fan Fryslân mei in Krite dy’t doe as doel hiene de Fryske taal nei de ‘gewoane minsken’ te bringen. Yn 2003 is Krite Snits fusearre mei It Snitser Frysk Toaniel, wertroch Teater Snits ûntstien is. It selskip makket twa foarstellings it jier, benammen toanielstikken mar ek iepenloftspullen. Ek wie it selskip fan 2003 oant 2022 de driuwende krêft efter de suksesfolle Bonte Sneeker Avenden (BSA).
It 175-jierrich bestean waard yn jannewaris fierd mei de feestlike nijjiersrevu ‘Sneek Skittert!’. Dêrneist fersoarge Teater Snits yn april in teaterdiner by restaurant Onder de Linden. Sawol de revu as it diner krije in ferfolch. It jubileumjier is sneon ôfslúten mei in reüny foar (âld)meiwurkers.












