Cultuur en uitgaan Ingezonden

Teater Snits fiert 175e jierdei mei nijjiersrevu ‘Sneek Skittert!’ - Aldste noch aktive toanielselskip fiert feest

Door: Henk van der Veer

SNITS - Teater Snits giet in feestlik jier temjitte! It toanielselskip bestiet 175 jier en is hjirmei de âldste, noch altyd warbere toanielploech fan Nederlân. Om dit te fieren bringt it selskip yn jannewaris de feestlike revu ‘Sneek Skittert!’. It fleurige jubileumjier set dizze hjerst al útein: kabaretgroep Griene Sjippe, dat syn 25e jierdei fiert, spilet syn jubileumfoarstelling ‘Koppen mei spikers’ by Teater Snits. 

Scène uit voorstelling De Goate van Teater Snits.
Scène uit voorstelling De Goate van Teater Snits. Foto: Nico Altenburg

Feestlike revu ‘Sneek Skittert!’
Snitser rabberij, in Snuggerste Sneker-quiz en komyske foarfallen út de rike skiednis fan Snits; it binne yngrediïnten fan de revu ‘Sneek Skittert!’, in bonte jûn mei sketskes, dûns en muzyk. Mei dizze revu fiert Teater Snits syn 175-jierrich jubileum. It skript is skreaun troch ferskate skriuwers en spilers fan Teater Snits. Ek oare ferienings en solisten út de omkriten wurkje mei oan dizze fleurige teaterjûn. Regisseur is Rieneke de Haan. Utfierings: 4 o/m 11 jannewaris yn Teater Snits.

‘Koppen mei spikers’ fan kabaretgroep Griene Sjippe
‘Koppen mei spikers’ is it jubileumstik fan kabaretgroep Griene Sjippe dy’t 25 jier bestiet. De muzikale foarstelling jout in humoristyske ynsjoch yn ‘e wrâld fan boufakkers. Moarns ier en betiid stowe se ús foarby yn harren buskes. Stoere, hurd wurkjende manlju dy’t yn waar en wyn heech op ‘e steigers steane te wrotten. Altyd warber. Op de bou of by in oarenien. Mar thús…  Regisseur is Hotze Karsten. Utfierings: 29 en 30 novimber om 20.15 oere yn Teater Snits.

Teater Snits, it âldste toanielselskip fan Nederlân
Toanielselskip Teater Snits hat yn 175 jier tsientallen toanielstikken en ferskate iepenloftspullen opfierd. Ek hat it selskip de driuwende krêft west efter de suksesfolle Bonte Sneeker Avenden, dy’t fan 2003 oant 2022 soarge foar stiif útferkochte sealen.

De woartels fan Teaters Snits geane werom nei 1850, doe’t Krite Snits oprjochte is. Snits heart ta de earste plakken fan Fryslân mei in Krite, dy’t doe as doel hiene de Fryske taal nei de ‘gewoane minsken’ te bringen. Sûnt 2003 hat Krite Snits de namme Teater Snits.

Scène uit de voorstelling Fûgels van Teater Snits
Scène uit de voorstelling Fûgels van Teater Snits.
Scène uit de voorstelling De Goate van Teater Snits.