Skoalleriderij De Legeaën: Fan, Foar en Meielkoar!
SIBRANDABUORREN - De bêrn fan de Mienskipsskoalle De Legeaën ha dochs noch ride kinnen dizze winter. Der wie ôfrûne winter net folle iis en dus is der hast net riden. Dat wie net nei ‘t sin fan it bestjoer fan ‘Adam & Atze’, roemruchte iisklub fan de Lege Geaën.

Foar de foarsitter Sjoerd Dotinga en kollega bestjoersleden in prachtige oanlieding om tongersdei 3 maart twa bussen én de alvestêdenhal yn Ljouwert te bestellen foar alle bêrn fan de Mienskipsskoalle De Legeaën. It bestjoer fan ‘Adam & Atze is’ altiid al ien fan de earsten dy’t wedstriden foar bêrn op natoeriis organisearret op de iisbaan yn Tersoal. Sa hienen de takomstige Irene Wüsts en Sven Kramers dochs noch iis ûnder de fuotten! Earst op de krabbelbaan om der yn te kommen, dèrnei gong it geweldich op de 400 meter baan. We seachen al takomstige toppers riden.
Fansels hope we dat der de kommende winters mear natoeriis komt, mar dit wie in moaie oplossing! Alle Mienskipsskoallebêrn, ynklusyf gast- en âldlearlingen, ha mei nocht en wille oan it riden west! De koek en zopie fan de âlderrie gong der lekker yn. In geweldich Legeanster initiatyf fan it bestjoer fan ‘Adam & Atze’! Fan, Foar en Meielkoar!!
Ferslach: Seerp Rijpkema












