Taspraak ynstallaasje boargemaster Jannewietske de Vries
Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,

Achte Kommissaris fan de Kening,
Achte boargemaster en âld-boargemasters,
Achte leden fan de ried,
Leave famylje en freonen,
Bêste minsken,
Wat hawwe jimme my in waarm wolkom jûn! Dat is om stil fan te wurden: blommen, kaarten, apps, hertlike wurden, skouderklopkes, oanmoedigingen as ik op ’e fyts troch de gemeente gean...
It fielt as thúskommen yn bestjoerlik Fryslân en dan ek noch yn de moaiste gemeente... It is in grutte ear om boargemaster te wurden fan de twadde gemeente yn Fryslân en de grutste yn Nederlân, yn oerflakte. In gemeente om grutsk op te wêzen; mei in prachtige balâns fan stêd en plattelân. Seis fan de alve stêden en in skitterjende Iselmarkust. Lânskip, erfskip, mienskip en stedelikheid yn oerfloed.
Ik wol myn foargongers tige tanksizze foar it deeglike fûnemint dat sy ûnder dizze grutte gemeente lein hawwe. Hayo Apotheker foar de strategyske fyzje op it gebiet fan stêd en plattelân en de ûntwikkelaginda dy’t er neilit.
Magda Berndsen
Magda Berndsen hat ûnder har waarnimmerskip in tal essinsjele stappen set op it mêd fan iepenbiere oarder en feilichheid. Dat is foar in gemeente dy’t optilt fan de eveneminten fan grut belang. Magda, tige tank foar dyn rêstige en bekwame wize fan waarnimmen.
Mar ek de bewenners en organisaasjes; jimme sette jim alle dagen yn om fan dizze gemeente in libbene en sterke mienskip te meitsjen. Dat jildt fansels ek foar riedsleden, wethâlders en meiwurkers fan de gemeentlike organisaasje. Der is en wurdt in soad fan jim frege. Ik sil mei jimme it wurk fierder bringe yn de kommende faze en dêr fansels ek myn eigen aksinten by jaan.
Utnûging
De foto op ’e kaart fan de útnûging jout al rjochting. Op it earste gesicht sjogge jimme it prachtige tradisjonele byld fan de Iselmar mei twa froulju yn Hylpers kostúm. Ast better sjochst, is it in foto mei in twist; twa hippe jonge froulju dy’t selsbewust en mei wille in ‘selfie’ meitsje. Tradysje en takomst wurde hjir mei in knypeach ferbûn.
Hylpen is fansels net samar keazen. Dêr wol ik mei ûnderstreekje dat de ynternasjonale oriïntaasje al iuwenlang yn it dna fan dizze gemeente sit. Wat typysk Frysk liket is in miks n ynternasjonale ynfloeden: fan it fertroude en it nije.
De 11Fountains jouwe op in nije wize wer ynhâld oan dy ynternasjonale oriïntaasje. In prachtige ferriking. Súdwest-Fryslân as in gebiet dêr’t it ferline leart fan de takomst en de takomst leart fan it ferline. In gemeente dy’t oer de grinzen sjocht. In gebiet dêr’t ynnovaasjes ús helpe om mienskippen leefber te hâlden, monuminten takomstproof te meitsjen en nije ympulzen te jaan oan toerisme en wettersport.
In gebiet dêr’t wy mei-inoar sykje om nije wizen dy’t ús helpe om it lânskip yn in bettere kondysje oer te dragen oan de kommende generaasjes, om te sykjen nei wat ús bynt: de lânskipspine foarby. Dêr’t wy desintraal, yn de kearnen en mei de ynwenners, stappen mei betsjutting sette. Yn ’e rjochting fan de grutte opjeften fan ús lân en de wrâld. Ek in gemeente dêr’t wy nije foarmen sykje om de lokale demokrasy fitaal te hâlden. In grutte opjefte foar in grutte gemeente, dy’t rûnom tichteby wêze wol.
Súdwest-Fryslân is in froumins
Súdwest-Fryslân is in froumins (ja, litte wy it ris in frou neame) dat op twa stevige skonken stiet: Boalsert en Snits. 70% fan de banen sit yn dizze beide stêden. Mei de weryndieling fan Littenseradiel is de balâns yn de gemeente noch sterker wurden. It is hiel goed dat beide stêden by de A7 del trochûntwikkelje en dat dêr yn it koälysje-akkoart ynvestearringsromte foar is.
Twa stevige skonken: oars kinne jo net elegant foarútbewege en in grut gebiet fersoargje. Om dy stevige skonken leit in stjerrestelsel fan kearnen. Stêden binne it plattelân nedich en oarsom. Yn dy wikselwurking leit ús krêft. Súdwest-Fryslân ûnderskiedt har ek mei de Iselmarkust. Ien fan de kearndossiers is ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Juster hat de regio mei in breed droegen oanbod oan it kabinet sjen litten dat wy mei-inoar ús ferantwurdlikheid nimme en mei ynvestearje yn fersterking fan de ekonomyske potinsje fan de Iselmarkust. De slûs en de nije Ofslútdyk kinne wurkje as katalysator foar ûntwikkeling. Want der is fansels noch mear nedich om it kustgebiet fan Arum oant Starum duorsum te ûntwikkeljen. Mei ‘sense of place’; mei gefoel foar lânskip, natuer, keunst en kultuer. Dêr lizze kânsen foar toerisme en ûndernimmerskip.
Pratyske mentaliteit
Súdwest-Fryslân hat in moaie skaal en in nochtere, praktyske mentaliteit fan dwaan. Net sasear ‘doch mar gewoan’, want dat binne wy net, mar ‘dóch it gewoan’. Dat helpt om stappen te setten. En dêr leare jo fan. Ik wol der graach oan bydrage om foar ferbining tusken de belangrike transysjes te soargjen. Bygelyks besjen hoe’t ‘kringlooplânbou’, enerzjytransysje en net te ferjitten de sosjale transysjes helpe kinne om mienskippen leefber te hâlden. De krêft fan it ferbinend tinken, fan it kollegiaal bestjoeren, fan it mei-inoar doelen heljen. Mei respekt fansels foar elk syn rol. Dêr heart ek by: ûnderskied doare te meitsjen.
Want wat wurket yn de iene kearn, hoecht dat net te dwaan yn de oare. De skaal makket ek dat wy ynwenners, ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid goed opinoar ynspylje litte kinne. Dy gearwurking kin in enoarme ympuls jaan om bedriuwen ynnovearje te litten en jong talint yn te setten foar ús gebiet. Want talint hat Súdwest-Fryslân ek by de rûs.
Talinten
Slach de kranten mar iepen, de risping yn de lêste wiken:
-
\t
- Nicole Bakker út Boalsert sit op Harvard Boston MIT; wol in bydrage leverje oan de ferduorsuming fan Fryslân \t
- Hinke van der Werf út Dearsum; gie it sportive aventoer oan mei in hynsterace yn Mongoalië. \t
- En in tal oare ‘youngsters’ dy’t yn ús regio oplaat wurde, bygelyks by ROC Friese Poort, en suksesfol wiene by de lanlike Skills Heroes, in wedstriid foar MBO-studinten. Ik neam Esli Stavenga, studint ICT Media, en Mark Jellema, studint oan de spesjalistyske koksoplieding.
Seis stêden
Seis fan de alve stêden; ik kin se dreame. Snits, Drylts, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert. Mar wat no, wat no as de tocht komt? Ik bin in rider. Yn 1997 (gjin suertsjetocht; fan Starum ôf yn de wyn op nei Dokkum) haw ik myn krúske helle, op karakter, net op kondysje.
Ik haw in betiid startnûmer. Sil ik him ride, of bin ik op myn post as boargemaster yn de seis stêden? Beide like unyk.. Hjir stean ik as jimme nije boargemaster. Mei in amtskeatling dy’t ienfâldich en licht is. De ferantwurdlikens dy’t dêrby heart, is dat net.
Ik fiel de djipte en de earnst fan it amt. Dêr sil ik op myn eigen positive en ek entûsjaste wize mei omgean. Hjir stiet in boargemaster dy’t kânsen sjocht, dy’t nocht hat oan de takomst, nocht oan it iepenbier bestjoer. In boargemaster dy’t har hert folge hat en dy’t dat ek alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân gunt: in plak dêr’tst yn alle frijheid en feilichheid dyn hert fine kinst. Dêr sil ik alle dagen op ’e nij myn bêst foar dwaan.
Myn bêst om de iepen, ambisjeuze en belutsen boargemaster te wêzen dy’t dizze gemeente fertsjinnet.
Tank foar jimme betrouwen.
(En hjirmei slút ik dizze bysûndere gearkomste fan de gemeenteried)







