Cultuur en uitgaan

Set Marije op 1 foar de Fryske Top 100!

TWELLINGEA - Ofrûne simmer brocht Marije Overwijk-Pander út Twellingea har nûmer ‘Wyn en Wetter’ út, in fleurige meisjonger dy’t rûnom yn ús provinsje te hearren wie op de radio. Boppedat is der in prachtige fideoklip makke op it Top & Twelster-skûtsje. Moaie bylden yn ús omkriten fan it skûtsje mei har bemanning.

Afbeelding
Foto: Marije Pander

No is it de bedoeling dat Marije mei har ‘Wyn en Wetter’ sa heech mooglik yn de Fryske Top 100 komt, it leafst fansels op nûmer 1. Dêr hat se jim help by nedich. Ofrûne wike is Marije utein set mei in flyer-aksje mei it doel har nûmer op ien te krijen. Wat soe it moai wêze at jim hjir oan mei dwaan wolle.

Fia de link Fryske top 100 - Omrop Fryslân kinst dyn 5 favorite Fryske nûmers trochjaan. Set Marije op 1!

De Fryske Top 100 is op snein 31 desimber fanôf 8.00 oere te hearren en te sjen by Omrop Fryslân, radio, telefyzje, ynternet en de app.

Bron: Topentwelonline.nl