Lit it skûtsjesilen mar begjinne - Muzykfideo fan Marije’s ‘Wyn en Wetter’ no ek live!
TOP EN TWEL - Op 18 maaie brocht Marije Overwijk-Pander út Twellingea har Frysktalige single ‘Wyn en Wetter’ út en no is ek de muzykfideo live! De fideo is yn gearwurking mei ProVisie fan Wybren Bergsma en mei tank oan de bemanning fan it Top en Twelster-skûtsje ta stân kommen.

Moaie bylden sjogge jim fan it skûtsje en fan ús prachtige omjouwing, én fansels fan Marije! Wat ús oanbelanget wurdt dit dé simmerhit fan 2023. Lit it skûtsjesilen mar begjinne! Oanfreegje by Omrop Fryslân en safolle mooglik diele helpt.
Bron Topentwelonline.nl
[youtube url=’https://www.youtube.com/embed/1Q5AyMVg2ow’]







