Cultuur en uitgaan

Priisútrikking bêste Frysktalige redaksjestik

Snits- Moandei 2 maart om 16.30 oere rikt wethâlder Mirjam Bakker de priis út foar it bêste Frysktalige redaksjestik fan 2019 yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten út gemeente Súdwest-Fryslân.

Afbeelding

De redaksjes koenen it ôfrûne jier stikken ynstjoere. Yn totaal binne sechstjin teksten ynstjoerd troch sân ferskillende doarpskranteredaksjes. Dy teksten binne beoardiele troch Douwe Blom (riedslid FNP Súdwest-Fryslân), Jantine Weidenaar (sjoernalist Omrop Fryslân) en Arjan Hut (skriuwer en dichter).

It is de fjirde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priis útrikt. De útrikking is yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.

Wannear: moandei 2 maart 2020

Tiid: 16.30-17.00 oere

Plak: Gysbert Japicxhûs, Wipstraat 6 yn Boalsert

Afbeelding