Cultuur en uitgaan

Utrikking bêste Frysktalige stik doarpskranten Súdwest-Fryslân

Boalsert - Woansdei 31 jannewaris om 16:30 oere rikt wethâlder Stella van Gent de priis út foar it bêste Frysktalige stik fan 2017 yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten út gemeente Súdwest-Fryslân. De redaksjes koenen it ôfrûne jier stikken ynstjoere. Yn totaal binne 25 teksten ynstjoerd.

Afbeelding

Dy binne beoardiele troch Douwe Blom (riedslid FNP Súdwest-Fryslân), Jantine Weidenaar (sjoernalist Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer). It is de twadde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priis útrikt. De útrikking hat plak yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Hans Kort, bestjoerslid fan it Gysbert Japicxhûs, sil de útrikking iepenje.

  • Wannear:         woansdei 31 jannewaris

  • Tiid:                16:30 oere

  • Plak:                Gysbert Japicxhûs, Wipstraat 6 yn Boalsert

Afbeelding