Cultuur en uitgaan

Tema-jûn Blauhus ‘Wenje – yn it Fryske Lânskip’

Blauhus - Freed 22 febrewaris organisearret de Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs yn de tap fan kafee De Freonskip in jûn mei as tema ‘Wenje – yn it Fryske Lânskip’. Earst komt arzjitekt ir. Nynke-Rixt Jukema oan it wurd oer de kwaliteiten fan it Fryske Lânskip. Jukema: “It kapitaal foar de takomst sit ferweven yn ús omjouwing; yn de kwaliteiten fan natuer, lânskip, gebouwen en kultureel erfguod”.

Afbeelding
\nNei it skoft jout Fryske stjelp - bewenner Steven de Winter fan Greonterp syn fisy oer it wenjen op it plattelân en dan benammen it bewenjen fan pleatsen wêr net mear yn buorke wurdt. De Winter hat de wrâld bereizge as sjoernalist en is delstrutsen yn Greonterp. Ta beslút is der gelegenheid foar Neipetear mei beide sprekkers. \n

\nEltsenien is wolkom. De jûn begjint om 20.00 oere, yntree is €. 5,00. Graach oanmelde fia gerbenrypma@home.nl\n Nei it skoft jout Fryske stjelp - bewenner Steven de Winter fan Greonterp syn fisy oer it wenjen op it plattelân en dan benammen it bewenjen fan pleatsen wêr net mear yn buorke wurdt. De Winter hat de wrâld bereizge as sjoernalist en is delstrutsen yn Greonterp. Ta beslút is der gelegenheid foar Neipetear mei beide sprekkers.

Eltsenien is wolkom. De jûn begjint om 20.00 oere, yntree is €. 5,00. Graach oanmelde fia gerbenrypma@home.nl
Afbeelding