Cultuur en uitgaan

Ynternasjonale Midsimmerjûn yn Westhim

Westhim - Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim mei sicht op Blauhûs-Greonterp syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn. Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper.

Afbeelding

Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar it bêste debút yn de Nederlânsktalige poëzy en dy’t sûnt jier en dei útrikt op Poetry International yn Rotterdam. Elmar Kuiper wie yn 2010 ien fan de nominearren foar dyselde ‘Buddingh’. Neist har yndividuele foardrachten fersoargje Deckwitz, Lecompte en Kuiper in mienskiplik optreden mei in hilaryske tekst oer Fryske keatsballen,  Flaamske earizers en Hollânske grêften, in tekst, skreaun yn in miks fan Flaamsk, Frysk en Nederlânsk.

De muzyk op de Midsimmerjûn yn it tsjerkje fan Westhim komt fan Gerrit Breteler, dy’t ûnder mear syn klassiker ‘Op een dag’ oer it fuotljocht bringe sil. Ynrin 21.30 oere, oanfang 22.00 oere. Mei minder - geskikt waar, binne alle optreden yn it tsjerkje. Kaarten te bestellen fia gerbenrypmahome.nl

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding