Cultuur en uitgaan

Sipke syn Alvestêdetocht

Aksje: Yn it boekje sit in iisstimpelkaart dêr’t elkenien dy’t it boekje hat yn de perioade fan 1 april – 1 oktober 2018 yn alle âlve stêden fergees in ijsje mei helje kin. By in folle stimpelkaart wachtet harren in ferrassing yn de Afûk winkel.

Afbeelding
Snits- Utjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk presintearje nije wike tiisdei 20 febrewaris in unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht. It is skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten. Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen. Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht ferskynt yn it ramt fan 65 jier Gouden Boekjes.

Oanbieding earste eksimplaar:

It earste eksimplaar wurdt tiisdei 20 febrewaris om 11.00 oere oanbean oan Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friese Elf Steden. Lida Dykstra en Harmen van Straaten lêze foar oan de bern fan de Albertine Agnesskoalle út Ljouwert. De presintaasje fynt plak yn de Elfstedenhal, Fryslânplein 1 yn Ljouwert.

Boekgegevens:

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

Lida Dykstra

Yllustraasjes: Harmen van Straaten

Utfiering: Ynbûn

ISBN: 978 90 47625179

Ferkeappriis: € 7,50 www.afuk.nl www.rubinstein.nl

Afbeelding