
Wa hat tsjintwurich gjin auto foar de doar stean, elkenien, tinkt my. Us hillich dom.Op de auto wurdt fakentiids better past,dan as it om jo eigen lichemsûnens giet. Ien lyts kraske op de auto en wy binne totaal fan it sintrum.
Ja, wy poetse wat ôf op ús auto. Mar, ek de oerheid wit de auto te finen en sa ferdwynt der hiel wat jild yn de steatskas. Jo wurde as bestjoerder eltse dei yn’e gaten hâlden,sels efter de boskjes. De auto is de molkko fan de oerhiet. Mar, dyselde auto bringt ek in protte gefaren mei him mei. Net sa sear de auto, mar dyjinge dy’t de auto bestjoerd.
“Griene Sjippe “ wol jo as taskôger efkes mei nimme nei de autogaraazje, efkes rûke, priuwe en fiele litte hoe’t hja der mei-elkoar wer yn slagge binne om der in pracht fan in teater produksje fan te meitsjen mei de noadige koartswyl en oare yngrediïnten oer de auto en syn bestjoerder, dy’t jo reitsje sille!








