FNP Súdwest-Fryslân: Boek net ticht foar fiif bibleteken
SNEEK - “It is foar gjin ynwenner te begripen dat 5 fan de totaal 7 fêste bibleteken yn Súdwest-Fryslân slute moatte”, seit riedslid Riemkje Hoogland fan FNP Súdwest-Fryslân. FNP Súdwest-Fryslân fynt dat it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders te min oandacht hat foar de wichtige funksje fan de Biblioteken en har te folle liede lit troch de besunigings. Hoogland: “Boppedat komme de biblioteken sels ek mei in besunigingsplan dat folle mear perspektyf biedt dan rigoreus slute”.

Studinten fine hjir harren ynformaasje, skoallen komme mei groepen nei de bibleteek en leare hoe wichtich lêzen is. Hoe betider kontakt mei boeken, hoe better de lêsmotivaasje, hoe better de taalûntjouwing, hoe better de bern op de takomst taret binne. Koartsein. De biblioteek is in foarsjenning dy ’t foar elkenien berikber is en bliuwe moat.
Aksje nijs
Riemkje Hoogland lêst woansdei 31 oktober foar yn trije bibleteken.-
\t
- 14.00 oere nei Makkum \t
- 15.15 oere yn Drylts \t
- 16.45 oere yn Koudum













