Muzyk yn Top en Twel: Reis nei it gelok!

Tppenhuzen-Op sneon 18 septimber, 19.00 oere, klinkt der wer muzyk yn Top en Twel! Top en Twelster muzikanten en harren kollega’s litte dan fan har hearre.

Op lettere leeftyd in muzykinstrumint ûnder de knibbel krije en mei syn allen in orkest foarmje? Dat kin! De muzikanten fan Mienskipsorkest Top en Twel en Wâldsein binne dêr it bewiis fan. Meielkoar muzyk meitsje makket harren lokkich. Dát litte se hearre en sjen yn de ferrassende en interaktive muzykfoarstelling 'Reis nei it gelok'. De presintaasje is yn hannen fan Henk van der Veer.

Op dizze jûn wurdt ek it nije ynspylboek 'Speel Klaar!' presintearre en oanbean, spesjaal skreaun foar it Mienskipsorkest.

Dit alles fynt plak op it terrein achter by Sjouke en Neeltje, Tsjerkebuorren 39. De tagong is fergees, mar graach yn it foar even oanjaan dat jim komme. Dat kin by Annewiep Bloem, telefoan 06 – 11 641 742 of fia muzyk@mearmeimuzyk.nl.

 

 




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Sneek

Wees loyaal – aan onze vrienden