Nijjierstaspraak 2020, Jannewietske de Vries, boargemaster Súdwest-Fryslân

0

Workum- Hieronder de nieuwjaarstoespraak 2020 van burgemeester Jannewietske de Vries, zoals zij die vanavond in De Rolpeal van Workum uitsprak.

Súdwest-Fryslân: folop yn beweging

Bêste minsken, allegear fan herte wolkom by ús nijjiersresepsje. Dit kear dus net yn Snits, it bestjoerlik sintrum fan ús gemeente, mar yn Warkum, de trêdde stêd fan Súdwest-Fryslân.

Dat wy hjir yn De Rolpeal te gâst binne, is net samar. Yn myn taspraak fan in jier ferlyn haw ik sein dat it my moai ta like om mei dizze resepsje alle jierren del te striken yn in oar plak. Dêrnjonken is dizze nagelnije akkommodaasje in prachtich foarbyld fan wat in fitale mienskip foarinoar krije kin.

Fitaal betsjut hjir yn it earste plak: sportyf. Wy stean der hjir middenyn, mei rekreaasje-swimmers oan de iene kant en rekreaasje-folleyballers oan de oare kant.

Hiel belangryk om yn beweging te wêzen en te bliuwen (swit is allinnich fet dat skriemt), en dan kin it net misse dat wy yn ús gemeente ek kampioenen en medaljewinners hawwe. Silers, keatsers en fierljeppers, fansels, mar ek in grut tal oare sporters.

It is dan ‘gefaarlik’ om mei nammen te kommen, want wêrom de iene wol neame en de oare net?

Dochs wol ik al in pear prestaasjes oanhelje, omdat it prestaasjes binne dy’t ek fier bûten ús lânsgrinzen wurdearring krigen hawwe.

Lykas Nyck de Vries út Twellegea, wrâldkampioen formule-twa, en dit jier oerstapt nei de Formule E, de earste folsleine elektryske raceklasse yn ’e wrâld. In prachtige sportman, dy’t fierder tinkt.

Of in doarpsgenoate fan Nyck, Beitske Visser, dy’t it ôfrûne jier ek hast wrâldkampioen wie – mar it silver wûn – yn de W Series, sis mar de Formule-ien foar froulju.Ynspirearjend foarbyld foar froulju dy’t ek graach de binnenbocht nimme.

En dan wiene der geweldige prestaasjes fan ús fuotbalsters, lykas Sherida Spitse fan Snits en Loes Geurts fan Hichtum. Se waarden yn Frankryk krekt gjin wrâldkampioen, mar ôfrûne simmer hiene de Oranje Leeuwinnen wol it hiele lân yn de besnijing, en my dus ek.

Dizze froulju steane kommende simmer op ’e nij yn de skynwerpers, op de Olympyske Spelen yn Tokio, Japan.

Wa’t dêr ek wêze sil, mar dan in pear wiken letter, op de Paralympyske Spelen, is swimster Liesette Bruinsma fan Wommels. Se wûn al twa gouden medailles yn 2016 yn Rio de Janeiro, en yn 2019 waard se wrâldkampioen op leafst trije ôfstannen. Ik bin hiel benijd hoe’t se it yn Tokio dwaan sil.

Mar ek neist dizze sportive prestaasjes wenje wy yn in fitale gemeente. In gemeente mei in fitale mienskip, in fitale ekonomy en in fitale omjouwing.

Mei-inoar sette wy ús yn foar de mienskip. En ik sis dat net samar. Yn it ôfrûne jier haw ik op besite west yn alle doarpen, stêden en wiken. Fansels hat hast elts plak of wyk wol wat te winskjen, dat kin ek net oars. Mar wat my foaral wer dúdlik wurden is, is it entûsjasme fan de minsken wêrmei’t se harren ynsette foar it eigen wenplak, de eigen mienskip, it goeie doel. En sa as Johan Cruijff sei: “Het goede doel, is niet het eigen doel”.

Dat entûsjasme slút moai oan by myn motto ‘it takes a village to save a planet’. Yn goed Frysk: wy hawwe mienskip nedich om ús planeet te rêden. Dat betsjut dat wy meiinoar grut tinke, mar tagelyk – om ús doel te berikken – in hiele soad lytse stappen sette moatte. Op de skaal dy’t wy oersjen kinne. Tichtby. En dêr is elkenien foar nedich.

Om yn ús moaie gemeente meiinoar foarút te buorkjen is it opsetten fan koöperaasjes in gaadlik model. Dêr hawwe wy ommers ek in tradysje yn. Dy tradysje kinne wy nei in nije takomst bringe. Yn in koöperaasje sette de dielnimmers harren meiinoar yn foar bygelyks de enerzjytransysje of it lânskip. Yn fitale mienskippen wurket in koöperaasje foar elkenien. De winst is foar elkenien.

En sa’n fitale mienskip lûkt ek wer nije ynwenners oan. Yn it ôfrûne jier hawwe wy der in dikke trijehûndert minsken by krigen en binne wy foarby de 90.000 ynwenners gien – 90.025 om krekt te wêzen. No moat ik al in slach om ’e earm hâlde, want noch net alle mutaasjes binne ferwurke. Mar dúdlik is al wol dat it ferhússifer hjiryn belangryk meispile hat.

Wy wenje – mei oare wurden – yn in oantreklike gemeente. Troch ús lizzing, de natuer, de rêst en de romte, mar ek troch de manier wêrop’t wy ús meiinoar ynsette foar de grutte útdagingen dêr’t wy foar steane.

Wy binne in gemeente mei en yn in fitale omjouwing. De Kommissaris fan de Kening sei it al: wy meitsje diel út fan in Europeeske regio, yn ferbining mei oare provinsjes en oare regio’s yn Europa. As twadde gemeente fan Fryslân en fjirde gemeente fan Noard-Nederlân ha wy in belangrike rol yn dizze regio. Dit blykt ek út de meast resinte sifers oer de ekonomy. Us regio hat de grutste ‘groeipotinsje’ fan Noard-Nederlân (fergelykber mei Amsterdam, Eindhoven en Utert).

As gemeente mei tsjin de 100.000 ynwenners kinne wy in ferskil meitsje op tal fan saken. Wy kinne meiprate en posysje pakke yn petearen mei (ynter)nasjonale partners. En dy rol pakke wy ek. It moaie fan ús skaal is dat wy de saken yntegraal by de kop hawwe kinne. Wy kinne win-win situaasjes meitsje troch de útdagingen bygelyks op it mêd fan lânbou, enerzjy en mobiliteit yn gearhing meiinoar op te pakken.

De grutte (Europeeske) fraachstikken freegje dat wy fierder as fjouwer jier foarút sjogge. It freget fan ús in fisy op 2030 en noch fierder dêrnei.

In fisy op fraachstikken lykas klimaat en enerzjy, dêr’t wethâlder Faber (dy’t as siler wit wat tsjinwyn en lavearjen is) sûnder ophâlden mei warber is. In fraachstik dat de mienskip op alle fronten yn beweging krije moat. En mei dat koöperaasjemodel dêr’t ik it niiskrekt oer hie, ha wy dêr yn ús gemeente in moaie basis foar.

Sa soe in hiel doarp – ek de minsken yn sosjale hierwenningen – lid wêze en profijt hawwe fan in enerzjykoöperaasje. Want de winst giet nei maatskiplike doelen dy’t de leden sels fêststelle. Dat is demokratyske fernijïng op lokaal nivo. It fergruttet ek de akseptaasje foar feroaring yn de omjouwing.

En it freget fisy op nije manieren fan mobiliteit. Nije konsepten moatte derfoar soargje dat wy net allinnich ‘klimaatneutraal’ reizigje kinne, mar dat wy ek de oansluting tusken stêd en plattelân en de oansluting fan ús gemeente op de rânestêd goed regelje. Wethâlder De Man set him hjir (strak traind yn de sportskoalle) fol enerzjy foar yn.

En wethâlder Offinga (ús ‘duorsporter’) is mei fisy dwaande mei de útdagingen op it mêd fan lânbou. De lânbousektor is fan âlds in drager fan ús fitale ekonomy. Mar it moat oars. Dat realisearje wy ús allegear. Mei oare regionale, nasjonale en Europeeske partijen moatte wy op syk nei nije konsepten, wêryn’t de balâns tusken lânbou en natuer werombrocht wurde kin. Súdwest-Fryslân kin hjiryn in ferskil meitsje.

Wethâlder Wielinga (ús multi-sporter) is mei de yntegrale omgevingsfyzje dwaande; de fisy op hoe’t wy wenje, wurkje en bewege wolle yn Súdwest-Fryslân. En sil har ek yn it nije jier ynsette foar in sûn sportklimaat.

Fitaliteit betsjut, ta beslút, ek fearkrêft. Wy sjogge werom op in jier mei hichte- mar ek djiptepunten. It fertrek fan wethâlder Van Gent wie foar it kolleezje en de ried in djiptepunt. Yn de gemeenterie haw ik yn novimber sprutsen oer it begryp fertrouwen. Ik haw doe sein dat polityk net allinnich om feiten, stânpunten en mieningen giet, mar benammen oer minsken. En dêr heart fertrouwen by. Dat is de basis fan de demokrasy. Net allinnich it fertrouwen fan de mienskip yn de

polityk, mar ek fan de polityk yn de krêft fan de mienskip. Dat ynwenners by steat binne om sels oplossingen te finen en saken mooglik te meitsjen.

Dêr leit in grutte taak foar de polityk, it ûnderwiis en de media: it fertrouwen yn de mienskip fergrutsje. Dêrfoar moatst de (sosjale) kennis fergrutsje. Want ast neat fan ien witst, fertrouwst him of har minder gau. Fertrouwen komt ast ynformaasje hast oer en fan de oar. Dat herkenne wy ek yn ús doarpen en wiken. Dat herkenne wy ek by de boereprotesten. Wy moatte sykjen bliuwe nei kennis, ferhalen en de goede wil fan de oar.

Iepen mienskip wêze – en in iepen lokale demokrasy wêze; dêr’t de mearderheid rekkent mei de winsken en neden fan de minderheid.

It sil net altyd maklik wêze. Minder frame, blame en shame, mar op syk nei it echte ferhaal. It écht meiinoar dwaan. Gearwurkje, koöperaasje. Mei as winner: ús ynwenners, ús lânskip, ús demokrasy, ús wrâld.

As kolleezje sjogge wy mei fertrouwen nei it nije jier. Wy binne fearkrêftich, hawwe ambysje en kondysje om in soad meters te meitsjen yn 2020.

Bêste minsken, ik winskje jimme in lokkich en fitaal 2020, tsjoch, op it nije jier.

En dan noch efkes twa dingen.

Miskien tochten jim dat it no klear wie, mar op dit plak kin it net oars as dat wy tegearre no ek efkes sportyf yn aksje komme. Jim hawwe by de yngong in ballon krigen – aanst hearre jim fan de buurtsportcoaches hoe’t wy dêrmei fierder moatte.

En dan noch de muzyk, mei de minsken fan it Broken Brass Ensemble. Nasjonaal en internasjonaal bekend. Mar witte jimme dat it foar in tal fan dizze talinten begûn is by ús Kultuer Kertier Snits?

Dêr binne se op 8 febrewaris op ’e nij, foar in ‘workshop’ foar jonge blazers en slachwurkers. En jûns in optreden yn It Bolwurk.

Foto Henk van der Veer

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend