Toanielploech Foar de wyn út Folsgeare spilet klucht ‘De kat yn de kelder’

0

Folsgeare- Toanielploech Foar de wyn út Folsgeare spilet it stik ‘De kat yn de kelder’, in klucht fan Pol Anrys, yn ‘e Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Dit stik nimt ús mei nei de wenning fan majoor Evarist Tanghe. De kânsearme húshâlding de Kat ( heit, mem, dochter en beppe) kriget tydlik ûnderdak yn de kelder fan it hûs fan in âld majoor en syn soere, bazige suster. De famylje wol eerst net yn de kelder wenje oant se der achter komme dat se dan flak nêst de bank wenje. Heit Feliks kriget fuort “dollartekens” yn de eagen en beslút út de kelder wei in tunnel nei de bank te graven. Dit wurdt fansels in nuodlike ûndernimming en it smyt de iene nei de oare frjêmde situaasje op.

Uteinlik liket it plan fan Feliks te slagjen en komt de majoor op it ein mei in grutte ferrassing ! Mar wat al dy situaasjes binne en wat de grutte ferrassing is ?: dat kinne jim sjen op 6 en 7 maart yn it doarpshûs fan Folsgeare.

Foarferkeap 27 en 28 febrewaris fan 17:30 oant 19:00 oere by Gerke Andela Skeender 7 0515 420767

 

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

Deel dit met een vriend