Toaniel yn Top & Twel

0

Toppenhuzen- Yn it wykein fan 21 en 22 febrewaris bringt toanielferiening Fordivedaesje wer twa ienakters op ‘e planken. En it mei sein wurde dat de spilerslist der net om liicht!  De earste ienakter, “Farao Aromat II”, wurdt ûnder lieding fan Jan Overwijk spile troch in ‘jongerein’ ploech besteande út Douwe Wijnja, Wolter Postma en Johannes Feenstra. Sy bringe in komeedzje foar it fuotljocht dy’t him ôfspilet op in plysjeburo. Der is in tige wichtich rekwisyt stellen út it museum. Wa hat it dien en wêrom? Oan de resjersjeurs de taak dit mystearje op te lossen.

It twadde stik is “Groetnis út Vogelzang” en wurdt spile troch in stel ‘âlde’ rotten yn it fak dy’t wy al fierste lang net op ‘e planken sjoen hawwe. De spilers Douwina Bouwhuis, Rimie Reitsma, Uiltsje de Jong en Sieger Dijkstra hawwe yn gearwurking mei Wolter Overwijk sels de rezjy dien én tagelyk ek mar de namme fan it stik feroare yn “Groetnis fanôf it Amelân”; dat privileezje hawwe jo nammentlik as âlde rot yn it fak.
Dit stik spilet him ôf yn in âldereintehûs. By de bewenners nimme de yrritaasjes ta en ferskillende emoasjes komme dêrby foar it ljocht. It wurdt omskreaun as in tragikomeedzje, in ienakter mei in laits en in trien.

Tige nijsgjirrich dochs? Wês wolkom en kom del op freed 21 of sneon 22 febrewaris yn It Harspit. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fordivedaesjetopentwel.nl

 

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend