Balkster Toanielselskip ‘De Trochsetters’ spilet ’Yn ‘e Keetring’

0

Balk- Op freed 7 en sneon 8 febrewaris hâldt stifting toanielselskip ‘De Trochsetters’ harren jierlikse toanielopfiering yn ‘e Treemter yn Balk. Tiden hawwe tiden. De tûke tillefoan, sa as de ’smartphone’ yn geef Frysk hjit, is bygelyks net mear wei te tinken út us libben en strjitbyld. We oefenje en noch wilens de oefenjún stean hjoed de dei al foto’s op de sosjaale media troch de tûke tillefoan. Sa krije de minsken in lyts bytsje: “een kijkje in de keuken” fan ús toaniel. Tiden hawwe tiden want de smartphone hat dus sels syn yntrede dien yn ‘e toanielwrâld. It moat net mâlder wurde!

Yn it toanielstik ‘Yn ‘e Keetring‘ fan ‘De Trochsetters’ spilet de tûke tillefoan ek in rol. We spylje in hjoeddeisk toanielstik, anno 2020 sille we mar sizze. It stik sit fol hilaryske taferielen en moaie geef Fryske siswizen en wurden. It toanielstik is in klucht en skreaun troch Ton Elsgeest. Hy hat it toanielstik fantastysk yn elkoar set. Hy lit sa no en dan efkes sjen hoe mâl as wy en de jeugd fan tsjintwurdich it eins dogge mei dy tillefoan en sit d’r in boadskip yn oer foaroardielen. De Fryske oersetting fan it stik is fan Abele Krist. De namme “Yn ‘e Keetring” seit al in soad oer it stik en de setting sels. It stik spilet yn’e keuken fan de rike famylje Laarmans. Paul en Constance Laarmans, spile troch Titus Veldman en Siska Lubach jouwe in feestje en hawwe d’r in pleatslike keteraar foar ynhierd. Elts kin hjir syn fantasy wol op los litte, hoe somtiden inkele hilaryske taferielen wêze kinne. Betink dêr by, dat Herman Mous, in tige wichtige haadrol hat as keteraar en Willemina de Jong wurket as serveerster, mar eins sjongeres wurde wol en Johannes Wagenaar hat dollar tekens yn syn eagen.

Boppedat fantasearje ‘De Trochsetters’ d’r altiid in bytsje ekstra by. Se binne in relatief jonge toanielploech mei in soad kreatieve geasten. En musiktechnikus Jeroen van Casteren wit d’r altiid wol in mouw oan te pasjen. Margré Deinum hat de rezjy en hat probearre de toanielspilers wat yn ‘e stokken te hâlden en d’r in gehiel fan te meitsjen. It is har ek dit jier wer knap slagge mei help fan de ynsteksters Paulien Dooper en Tineke Homma. En de geasten hawwe har wer fan alles yn’e holle helle, se pakke wer bot út mei it dekôr, oanklaaing en klean fan de Balkster Kledinguitleen. We kinne dan ek wol stelle, dat it alles yn ‘m hat om in fantastyske toanieljún te wurden. In toanieljún klinkt suver wat âlderwetsk.

Wy fan de ‘De Trochsetters’ prate dan ek leaver fan in “toanielbelibbing”. Dat passet ek wat mear by de hjoeddeiske tiid. Jimme binne fan herte wolkom op freed 7 of sneon 8 febrewaris om 20.00 oere by ús jierlikse toanieljún yn’e Treemter fan Balk. De seal is iepen fanôf 19.15 oere. We meitsje d’r in wier feestje fan! In hearlike jún út, wêr at jimme de tûke tillefoan, de smartphone wol thús litte kinne. Jimme wurde wol fermakke, kinne efkes offline en LIVE genietsje fan toanielselskip ‘De Trochsetters ‘. Tagongskaarten binne yn’e foarferkeap tsjin kontante betelling te keap foar € 7,00 it stik by Mous Tweewielers oan’e Van Swinderenstraat 45 te Balk. Op ‘e jûn sels binne de tagongskaarten € 8,50 it stik. fol=fol

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend