Tsjirk stiet symboal by ‘Gerben Rypma Hikke’

0

Blauhûs- Freedtemiddei 25 oktober wurdt mei in Kulturele Kuier de ‘Gerben Rypma Hikke’ oan it Brekkenpaad ûnthuld. Sawol de rike natoer fan Fryske Gea gebiet ‘De Ryp’ as de libbenswize fan de skilder, dichter Gerben Rypma binne der symboalysk yn ferwurke.

De Gerben Rypma Stifting fan Blauhús naam novimber 2016 it ynisjatyf om in soart skûlplak oan it paad te kreearjen. As tarieding wie der doe in workshop wêrby ferskate persoanen en ynstânsjes ideeën ynbrochten. Yn e tuskentiid binne grutte en lytse ûntwerpen besprutsen, der is net oer oer ien nacht iis gien. It is perfoarst gjin stânbyld wurden, mar in plakje dat útnûget om fan de natoer en rêst te genietsjen. En mooglik, krekt as Gerben Rypma (1878-1963), ynspiraasje op te dwaan. De offisjele ûnthulling is tidens de Kulturele Kuier, oanmelde is noch mooglik. De dielnimmers sjogge dan hoe’t de Tsjirk (tureluur) in fêst plak yn ‘De Ryp’ krigen hat. En hoe’t Gerben Rypma dit gebiet belibbe.

De kuier (10km) begjin 13.00 oere by kafee de Freonskip yn Blauhús, giet oer polderdiken, troch de greiden en stikjes oer it wetter.  Nei de ûnthulling fan de Hikke, is der besite oan it biologyske molkfeebedriuw fan Sicco en Anneke Hylkema by Aldegea. It ein fan de tocht is om-ende-by 17.00 oer mei Romsitten yn kafee de Freonskip fan Blauhús.

 

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend