Fryske Foarlêswike 3 o/m 7 juny 2019: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten  

0

Snits- Foarlêzers op ’en paad mei 18.500 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 3 o/m 7 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn Súdwest-Fryslân:

Deputearre Sander de Rouwe lêst foar op freed 7 juny fan 9.00 – 10.30 oere by pjutteboartersplak / bernedeiferbliuw de  Bron yn Boalsert

Wethâlder mefrou Stella van Gent giet freed 7 juny om 11.00 oere nei peuteropfang de Windbreker lokaasje yn de Zwetteskoalle Snits

Boargemaster mefrou Jannewietske de Vries lêst foar op moandei 3 juny om 9.30 oere op pjutteboartersplak Us Sté yn Warns

Mefrou Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke ferhaaltsjes, lêst foar op tiisdei 4 juny om 11.00 oere op pjutteboartersplak Kiekeboe yn Himmelum

Riedslid Sicco Rypma sil foarlêze woansdei 5 juny om 9.30 oere yn pjutteboartersplak It Ketternest yn Starum

 

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend