Albert Visser – Mei nocht en wille wennen wy in Skraard

0

Skraard- Begjin fyftiger jierren wie Albert Visser (1925–2009) goed trije jier haad fan ’e Skraarder skoalle. Nei dy tiid is it kontakt mei it doarp net ferlern gien. Sa hie Visser noch in lang skoft geregeld de foargong yn ’e herfoarme tsjerke. In heale ieu nei’t er út it skoalhûs weigien is, dielde hy syn oantinkens oan it doarp yn ôfleveringen mei de lêzers fan it Skraarder Terpnijs. Yn it earst skriuwt er yn it Hollânsk, mar al rillegau giet er oer op it Frysk. Hy wit it doarpslibben yn ’e tiid fan de weropbou sa libben te beskriuwen, dat de anekdoate in mear algemiene betsjutting krijt. Syn opmerksumens, syn grutte belangstelling foar de meiminske en syn hystoarysk gefoel meitsje Visser ta in skriuwer dy’t foar eltsenien, net allinnich yn eigen rûnte, eat te sizzen hat.

It boekje is foar tsien euro eksklusyf 3,48 euro portokosten te bestellen fia mail@kunstenwetenschap.nl of telefoanysk op 0517531583.

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend