Teater Snits spilet “ H” EXEN fan Youp van’t Hek

0

Snits- Oait is Youp van ’t Hek begoun as akteur en hat hy foar toaniel skreaun. Dit rekke op de eftergrȗn toen hij syn komysk talint as kabaretman ȗntwikkele en syn feardichheid benutte foar syn one-man shows. Wat binne we bliid dat hy syn âlde leafde wer oppakt hat. Op masterlike wize hat hy in hearlike komeedzje skreaun wȇryn hy de begoedigde hegerein skerp , feninich en doelfȇst analysearet. Op syn eigen “Youpse “wize lit hij Wendela en Dolores los gean yn in “Battle of the Bitches”.

Beide froulju binne útnoege op it tredde houlik fan “harren “ex…….Erik! Om it feest kompleet te meitsjen hawwe se fan seremoanje master Wolf tastemming krigen in foardracht te hâlden en in “passend” kado oan te bieden oan de nije breid. De erfaringen, frustraties en irritaasjes fan de ‘exen” binne in ynspiraasjebron foar de ȗnútputlike humor en grappen fan van ’t Hek. Faak op it rândsje en soms der oer hinne. Mar konstant in glim en in feest fan werkenning.

Ienakter (H)exen

Spilers:

Wendela: Titia Huisman

Dolores:  Anneke Hondema

Rezy Dirk de Vries

Oerset troch Gurbe Dykstra.

Lûd techniek Theater Sneek en Anne Silvius

Ljocht Frans Tigchelaar

Grime Rudina van Solkema, Nynke Postma en Akkeriem Zijlstra

Dekor Wiebe en Pier van Solkema

Muzyk foarôf Gerk Venema

Utfiering op 5 en 6 april yn Theater Sneek Westersingel
28. Yn de Tüöttenzaal aanvang 20.15

 

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend