Resinsje – It ûnthâld fan wetter

0

it-unthald-fan-wetter1Snits – Yn ‘ It ûnthâld fan wetter ’, de tragikomeedzje skreaun troch Shelagh Stephenson yn in prima Fryske oersetting fan Jikke de Haan draait it om herkenberens fan emoasy’s rûn familyferhâldings. Plak fan hanneling is de sliepkeamer fan in ferstoarne mem oan ‘e foarjûn fan de begraffenis ( òf is it de kremaasje ? ). Yn’e iepeningssêne is it de geast fan de ferstoane mem ( moai spile troch Frouwke Kuipers ), kleid yn in griene jurk ( de kleur fan de Oermem ! ), dy’t oankundigt dat wat kommen giet elkenien oerspiele sil as de see. De moetings mei de middelste dochter dochter Mary ( Eke Born ) dy’t in geheim nei har meidtôget, foarmje it weromkearend element.

De trije susters binne sûnt lange tiid wer byelkoar en werom yn it âldershûs. Skerpe en komise konfromtaasjes heare we trochklinken yn de dialogen, wêr’t ferburgen geheimen oan it oerflak komme. Alle trije susters herinnere har deselde jeugdoantinkens op in folslein oare wize. Wat is de wierheid en hoe bot kinne wy op ús ûnthâld fertrouwe? Wat witte wy eins fan ús famylje? En wat fan ús sels?

it-unthald-fan-wetter2

Ik hie justerjûn yn it skoft al in diskusje ( nou ja…) mei Friesch Dagbladsjoernalist Gerbrich van der Meer dy’t in moai artikel oer it stik skreaun hie. Gerbrich fûn it in prachtich stik, wylst ik ( positivo ) nou net bepaald ûnder de tsjoen fan it stik wie. Goed begripe, dat hat neat mei it spyljen fan de akteurs te meitsjen mar mei it stik. Ik doarde hiel foarsichtich te suggerearjen dat dit miskyn wol in froulju’s stik wie yn’e betsjutting dat it froulju mear oansprekke sil. Ik miste ut teatrale, te min útdaging. Doe’t nei it skoft de twa mannen Mike ( Hyltsje Smedes ) en Frank ( Douwe Hoekstra ) mear op’e foargrûn kamen fûn ik it stik al boeiender.

Haw ik dan in ferlerne jûn met Teater Snits yn Theater Sneek hân? Nee, absolút net! Dêrfoar is it aktearen fan Frouwke Kuipers, Eke Born, Anneke Hondema, Hyltsje Smedes en Douwe Hoekstra te sterk. En dan bewarje ik de namme Simone Nijholt, de debútante, mei opset ta it lest. Wat in súpertalent! Amper te leauwen dat dizze jonge frou fan 27 jier noch nea earder op toaniel stien hat.

Tòpregisseur Dirk de Vries moat him yn’e hannen wreaun hawwe tidens de repetysjes dat der sa’n groeibriljant as Nijholt oppoetse mocht. Yn’e rol fan huppelkut Catherine yn it kwadraat sprankele Simone Nijholt. We sille sûndermis folle mear fan dit talint heare en sjen!

Sa stadichoan is it nivo fan toanielspyljen yn Snits fan de bútenkategoary yn’e amateursektor wurden. De komst fan it teater, mei alle mooglikheden dy’t der by heare ( ik sjoch nòch net sa gau ergens oars in deakiste fanút it neat nei ûnderen sakjen…) drage by ta it sukses. Sjapoo ek foar dekorbouwers Jan Sluyter en Jos Miltenburg, de technisy Frans Tigchelaar ( prachtige ljochtfersoarging ) en Jan Pieter de Boer ( it lûd wie justerjûn perfekt ). Mei elkoar kamen der 1100 besikers nei ‘ It ûnthâld fan wetter ’.

Henk van der Veer

 

Reageren

X
X

Deel dit met een vriend