Boek ‘De Smearlappen’ fergees yn de bibleteek

0

SNEEK – De smearlappen komme der oan! De bekende roman fan Anne Wadman is op ’e nij útjûn, as it tredde boek yn de kampanje “Fryslân Lêst Syn Toppers”.

Mei yngong fan 17 novimber kinne minsken it boek fergees ophelje yn 15 ferskillende bibleteken, ferspraat oer de hiele provinsje. It tal boeken dat útdield wurdt is sawat de helte fan de oplage fan in hjoeddeiske Fryske roman, mar ek hjir jildt “op = op”.

It boek is allinnich te krijen yn de bibleteken fan: Balk, Butenpost, Burgum, De Gerdyk, De Lemmer, Dokkum, Easterwâlde, Frentsjer, Grou, It Hearrenfean, Joure, Snits, Stiens, Wolvegea en fansels Langwar – it berteplak fan Anne Wadman.

Mei dizze aksje wurdt omtinken frege foar twa aktiviteiten oer ‘De Smearlappen’:

  • 24 novimber – twa lêzings oer “DNA & Genealogy” (Tresoar, Ljouwert)
  • 1 desimber – Fryske Jûn ‘Wa is de smearlap” (Bibliotheek Heerenveen)

Wa’t nei ien fan dizze jûnen komt kin it boek dêr ek fergees krije. Foar ynformaasje en oanmelding sjoch www.FLST.nl

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend