Oproep Tryater: Fryske Kultuer oan de Wylgen?

0

LJOUWERT – Oeral yn it lân wurdt besunige op kultuer. De profesjonele keunsten en de amateurkeunst wurde útklaaid troch gemeenten, provinsjes en it ryk. Dat hat desastreuze gefolgen foar de kulturele ynfrastruktuer. Ek yn ús regio! Op 20 novimber is in LANLIKE AKSJEDEI tsjin de besunigingen. It is tige wichtich om ús stim hearre te litten.

Wat kinne jo dwaan? Kom op sneon 20 novimber nei Ljouwert en HINGJE KULTUER OAN DE WYLGEN. Nim sa folle mooglik freonen, famylje en oare minsken mei.

Hoe wurket it?
Nim in lyts ding mei dat symboal stiet foar jo kulturele passy. In skilderskwast, in fioelsnaar, in tekening, in âld muzykboek, in fersketten skelk dy’t foar it pottebakken brûkt is, dy iene prúk fan dy rol yn dat iene toanielstik….
Makket neat út wat. It lytse symboal hingje we aanst mei ús allen ‘oan de wylgen’ yn it sintrum fan Ljouwert. Dêrmei litte wy de kealslach sjen dy’t gefolch is fan de besunigingen dy’t we temjitte sjen kinne.

Wêr en hoe let?

Om 13.15 oere sammelje wy yn Ljouwert, by Keunstwurk oan de Wissesdwinger 1. Fan dêr út rinne we om 13.30 oere yn in lûdroftige optocht nei de Nijstêd (by de Waach). Dêr begjint om 14.00 oere it programma op it haadpoadium, mei optredens fan û.o. De Kast.
Op it plein stiet in ‘wylch’, makke troch stedskeunstner Marten Winters. Dêr hingje wy om ûngefear 15.00 oere yn stilte ús ‘kultuer’ oan. Dêrnei rinne we fuort. Sa wurdt de kealslach sichtber troch alle kultuerdingen dy’t achterlitten binne. Yn de bysletten flyer treffe jo noch wat neiere ynformaasje oan.

Mei ús allen?
Mei ús allen is fansels leuker as allinne. Kom mei famylje, freonen, buorlju of clubleden.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend