Byzantijns Mannenkoor yn Tsjerke Twellegea

0

TOPENTWEL – Op snein 24 oktober om 16.00 oere sil yn de tsjerke van Twellegea it Byzantijns Mannenkoor fan Drachten in konsert jaan. Dit konsert soe earder op 12 sept. mar is doe troch sykte fan de diriginte net trochgien.

I t “Byzantijns Mannenkoor Friesland” is yn septimber 2004 oprjochte yn Drachten. Op dit momint telt it koar 25 leden. Se komme út de provinsjes Fryslân, Grins en Drinte. It koar hat himsels fanôf de oprjochting presintearre as in net tsjerklik-bûn koar dat as doel hat de liturgyske muzyk út de tradysje fan de Russysk-ortodokse tsjerke en folkslieten út de Oast Europeeske lannen te sjongen. It BMF hat yn syn 6-jierrich bestean al in respektabel oantal konserten yn it noarden op syn namme stean. Wat klinkt der moaier as it “Otse Nasj” (ús heit) yn it Byzantijns, ien fan de lieten dy’t it Byzantijns Mannekoar sjonge sil. De lieten wurde a-capella songen.

Fan april 2007 ôf stiet it koar ûnder direksje fan Nana Tchikhinashvili, út Georgië. Yn Tbilisi hat se koardireksje en sang studearre en waard dêr oannommen by it Akademysk Steatskoar, letter ek as diriginte. No wennet se yn Nederlân en hat yn Grins as soliste, diriginte en docinte har spoaren fertsjinne yn ferskate koaren. Sjoch www.nana.tchikhinashvili.nl tagong E5.-

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend