Kulturele Ried Wymbrits presenteert cultureel programma

0

DRYLTS – De Kulturele Ried fan Wymbrits  hat foar takom winter in pracht fan in Kulturiel Programma gearsteld.

  • 6 oktober 2010 set it programma útein mei in bernefoarstelling. It is in Nederlânsk stik en it hjit "Herrie in de Stal". It wurdt brocht troch teaterselskip Huis van Bram. It begjint de middeis om 14.00 oere en is te sjen yn MFC It Harspit ynToppenhuzen. It is in fertelfoarstelling mei libbensechte klapbekpoppen bedoeld foar bern fan 4 oant 8 jier, mar pakes, beppes, heiten en memmen meie ek mei.
  • 10 oktober 2010 komme Bennie Huisman en pianiste Corinne Staal mei it programma ‘Dûnsje op ‘e tried' yn 'e tsjerke fan de Gaastmar. Dêr hat de KRW dizze kear in rige sneintemiddeifoarstellingen pland. Bennie Huisman en syn muzykfreondinne soene yn jannewaris 2010 yn Drylts komme, mar doe jage de snie de boel yn ‘e bulten. Dêrom besykje se it no op 'e nij. "Sneins yn De Gaastmar" begjint om 15.00 oere.
  • 13 oktober 2010 is der in 55+ foarstelling mei Hindrik van der Meer yn it doarpshûs yn Abbegea. Dat wurdt in programma fol fantasy, poëzy en fleur, seit Hindrik. Hy nimt in âld oargeltsje, in akkordeon en fluit mei.
  • Yn novimber 2010 hat de KRW Tet Rozendal kontraktearre mei har programma "Tet Rozendal sjongt Marlène Dietrich". Ek yn 'e rige "Snein yn 'e Gaastmar" en op 14 novimber 2010 om krekt te gean.
  • 29 jannewaris 2011 is Toanielselskip Probe oan bod. Dy spylje Blauprint en Kealkonten yn Folsgeare yn it doarpshûs. It begjint de jûns om 20.00 oere.
  • 13 febrewaris 2011 is Louiza Saitova te hearren yn De Gaastmar mei har liet "Rêden troch muzyk" en noch folle mear moaie nûmers.
  • Selskip ‘Knûkel' komt 23 febrewaris 2011 mei de bernefoarstelling "Renske wol stoer wêze" yn doarpshûs Elim yn Skearnegoutum. De middeis om 14.00 sette se útein.
  • Adyrf fersoarget 3 maart 2011 in 55+ foarstelling yn Goaiïngea.
  • 4 maart 2011 kinne wy "Op wei nei Compostella" mei Klaasje Postma en Hans Man in 't Veld. De reis begjint yn it MFC It Heechhûs om 20.00 oere.
  • De útsetter fan de KRW wurdt op 'e nij Achmea Culpa. Dat selskip sil foar de twadde kear by de KRW it kroechteaterstik Kredo opfiere; dizze kear op 15 april 2011 yn Aldegea yn doarpshûs it Joo om 20.00 oere. Om't it sa'n súkses wie yn De Gaastmar, wol de KRW de minsken dy't wy doe teloarstelle moasten, op 'e nij de kâns jaan dit stik te sjen. De KRW jout dit seizoen gjin kalinder út, omdat se mei in nije webstek útein setten binne. Op dizze webstek kinne jo folle mear lêze oer de foarstellings. Sjoch dêr ris op en hâld dy webstek wat yn de gaten. Hy sil nuverichheden melde oer bygelyks de artysten en harren programma's.

As jo www.kultureleried.nl yntikke op jo toetseboerd, binne jo hielendal op 'e hichte.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend