Ferhalen op’e fyts troch Nijefurd

0

mindert-twijnstra-verhalenvertellerSTARUM – Yn De Moanne fan it Fryske Boek organisearret ferhaleferteller Mindert Wijnstra op snein 12 septimber in fytstocht mei ferhalen troch Nijefurd en Gaasterlân.

De rûte giet by in tsiental bysûndere plakken lâns, dêr’t Wijnstra de ferhalen fertelt dy’t te krijen ha mei dat plak of


dy krite. De kliffekust fan de âlde Sudersee, de Gaasterlânske bosken en de marren foarmje in oerâld lânskip dêr’t in protte folksferhalen harren oarsprong fine. Dizze sêgen, leginden en histoaryske ferhalen sprekke it meast ta de ferbylding as se ferteld wurde op it plak dêr ‘t se spylje mei it rûzen fan de wyn yn de beammen of it skolferjen fan it wetter yn de bedelte. As de omstannichheden meiwurkje kinne de dielnimmers de klokken noch hearre fan it eardere kleaster Odulphus djip yn de ûnderwrâld, of it suchtsjen fan de reuzen op it Reaklif…

De tocht fan 30 kilometer duorret sa’n 4 oeren, ynklusyf de rêst op in terraske oan it wetter op healwei.

De start is om 13.00 oere by it stasjon yn Starum. Opjaan kin op tel.nr 06 23491263, of fia www.mindertwijnstra.nl

Reageren

X
X

Deel dit met een vriend