Priisfraach Fryslân lêst syn toppers

0

Logo-FLSTFRYSLAN – De oanrin nei de de kampanje foar it twadde boek fan de lêsbefoarderingsaksje Fryslân Lêst Syn Toppers is begûn. Belangstellenden kinne meidwaan oan in priisfraach om de titel fan dat boek te rieden. Under de goede ynstjoerders wurde 100 eksimplaren fan in FLST-boek ferlotte. Op 22 septimber sil de útslach bekend makke wurde.


It twadde FLST-boek is ien fan de 47 titels, dy’t no te keap binne as POD-boek (printing on demand). Dizze romans hearre ta de toppers fan de Fryske literatuer, mar wienen útferkocht. Ynformaasje oer de priisfraach wurdt ferspraat troch Tresoar en ek yn alle bibleteken binne folderkes te finen. Meidwaan kin allinnich fia de kampanje webside www.FLST.nl

Foaroankundiging foar it twadde FLST-boek

Mei de priisfraach freget de organisaasje omtinken foar twa nijsgjirrige aktiviteiten, yn it ramt fan it twadde kampanjeboek. Sa is der op sneontemiddei 16 oktober is yn de omkriten fan Ljouwert in literêre kuiertocht. Op 28 oktober organisearret de biblioteek fan St. Anne in literêre jûn oer dat boek, mei fraachpetearen, foarlêzen fan fragminten, toanielfertolking fan sênes út it boek, muzyk en filmbylden fan de kuiertocht. Sagau’t de útslach fan de priisfraach bekend is (22 septimber) ferskynt de ynformaasje oer dizze aktiviteiten op www.FLST.nl

Fryslân Lêst Syn Toppers -FLST- is in kampanje om minsken oan te trunen ek ris in Frysk boek te lêzen. By it projekt komme (nei elkoar) fjouwer Fryske romans yn it sintsje te stean. Foar de simmer wie dat ‘Frijende kikkerts’, en oanslutend op de Moanne fan it Fryske Boek folget de twadde titel – mei in tal nije aktiviteiten. Yn de perioade oant en mei febrewaris 2011 komme der noch twa Fryske romans út. Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan It Fryske Boek, Tresoar en Bibliotheekservice Fryslân.

Reageren

X
X

Deel dit met een vriend