Pieter Greidanus van Nieuw Sociaal: “At jo foarich jier sizze soene dat ik hjir hjoed sitte soe mei in nije partij, dan hie’k sein ‘hoe kri
SNEEK-Op lijst 9, staat de naam van Nieuw Sociaal, één van de drie nieuwe partijen die mee gaat doen aan de komende raadsverkiezing. Meteen na de loting spraken we met Pieter Greidanus van deze partij.

Een nieuwe partij…
“Ja”, zegt Pieter Greindanus, de lijstaanvoerder,“wij binne mei dizze partij begûn omdat wij it miene dat wij bij ús lânlike partijen gjin oandacht krije dy’t sa noadich is om de polityk wer ticht bij de minsken te bringen. At ik sjoch bij myn âlde partij, it CDA, dy hat gjin each mear foar wat der regionaal en lokaal no gebeurt. Dat is toch de basis fan dy partijen west, mar dat binne se hielendal ferjitten. Trochdat se dat ferjitten binne, misse sij de slach mei wat der libbet yn ‘e maatskippij, oer hoe’t de boarger yn mekoar stekt. De oanbestegings fan de soarch, dat giet allegear bûten de boarger om, dat wurdt allegear fan boppe ôf bepaald. Dêrtroch krije wij dat hjir in Haagse oanbieder wint, dat binne de cowboys dy’t de sinten krije.”
Waarom niet uw partij, waar u jarenlang voor in de raad zat, niet van binnenuit de discussie aangaan?
“Omdat ik it besocht ha, fjouwer jier lang, fan binnenút dat te feroarjen. Mar it slagge mij net. Bij it bestjoer net en bij in part fan de fraksje net.”
U kwam bij het CDA niet meer op een verkiesbare plaats, speelt dat ook mee om een nieuwe partij te beginnen?
“Nee, net echt. F’ral de lêste kear dat wij in CDA-kongres hiene ha ik in moasje yntsjinne dat wij lokaal mear omtinken krige fan de lânlike partij. Myn eigen fraksje en myn eigen bestjoer woe net meidwaan oan dy moasje. Doe ha’k dy moasje yntsjinne bij de Provinsiale Steaten en dêr waard dy moasje únanym oannommen en op it kongres is dy oannommen. Mar myn eigen partij yn Súdwest hat mij sitte litten. Dat wie foar mij de bottleneck . Doe hawwe se ek letterlik tsjin my sein ‘ Greidanus we wolle wol fan dy ôf.”
Op de lijst van Nieuw Sociaal staat Johan Steenbeek, ook een ex-CDA-raadslid, die bij de vorige verkiezingen amper stemmen behaalde, maar bij zijn overstap naar jullie partij, ‘gewoon’ z’n raadszetel meeneemt. Dwars tegen alle afspraken in die hij ooit met het CDA maakte, dat is toch niet eerlijk. Terwijl jullie het ‘vertrouwen’ in de politiek juist terug willen winnen…
“Dat is in diskusje tusken it CDA en Steenbeek, dêr wol ik ôfbliuwe…”
Maar dat is toch een feit?
“Foar jo is dat in feit. At jo sjogge dat wat der yn’e ôfrûne tiden gebeurd is, tusken bepaalde minsken binnen it CDA en tusken de fraksjeleden fan it CDA, dan mei je even djipper sjen en dan kinne jo soms wol begripe dat ik giet sa’t it gongen is. De ferwiten dy’t no makke wurde nei mekoar ta, dat is spitich. It is begryplik, it sit yn’e minsk, mar de gebeure soms dingen wêr’t jo foarôf noait prakkeseare kind hiene dat it gebeure soe. At jo foarich jier sizze soene dat ik hjir hjoed sitte soe mei in nije partij, dan hie’k sein ‘hoe krijst it yn’e harses’. Mar it is my al oerkommen, it gebeurt troch dingen dy’t yntern gebeure en dat der dingen sein wurde, bejegene wurde troch bestjoer en foar in part troch de fraksje, dan krije jo sokke dingen dat minsken opstappe.”







