FNP kiest voor deelname aan Tweede Kamerverkiezingen – “Stem voor de regio!”
Frysk

FRANEKER/FRENTSJER- De leden fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP) hawwe ôfrûne sneon in histoaryske kar makke: de partij docht mei oan de Twadde Keamerferkiezingen fan 29 oktober. Sûnt de oprjochting yn 1962 stiet de FNP yn ’e striid foar it belang fan de regio, mar no wurdt foar it earst ek de stap nei Den Haach set.
Listlûker Aant Jelle Soepboer spruts fan in kearpunt yn de politike skiednis:
“Dit is in histoarysk momint. De FNP lûkt rjochting de Twadde Keamer om it belang fan alle regio’s dêr te fertsjintwurdigjen. Te lang is der oer ús praat en oer ús hollen beslist, te lang is ús lûd oerraasd troch grutstedske belangen. Dy tiid is aanst foarby. ‘Wy komme der oan’ en sille sjen litte dat wy it ferskil meitsje kinne.”
De kampanje giet no los ûnder de slogan: “Stem voor de regio – Tichtby. Nuchter. Betrouber.”
Nederlands
De leden van de Fryske Nasjonale Partij (FNP) hebben afgelopen zaterdag een historische keuze gemaakt: de partij doet mee aan de Tweede Kamerverkiezingen van 29 oktober. Sinds 1962 strijdt de FNP voor de belangen van de regio, maar nu zet zij voor het eerst ook de stap naar Den Haag.
Lijsttrekker Aant Jelle Soepboer noemde het een keerpunt in de politieke geschiedenis:
“Dit is een historisch moment. De FNP trekt richting de Tweede Kamer om het belang van alle regio’s daar te vertegenwoordigen. Te lang is er over ons gepraat en over onze hoofden beslist. Te lang werd ons geluid overstemd door grootstedelijke belangen. Die tijd is straks voorbij. ‘Wij komen eraan,’ en net als regionale partijen in andere landen zullen wij laten zien dat we het verschil kunnen maken.”
De campagne gaat nu van start met de duidelijke boodschap: “Stem voor de regio – Dichtbij. Nuchter. Betrouwbaar.”












