‘Kattekwea’ yn tsjerke fan Wûns

Door: Henk van der Veer Cultuur en uitgaan
‘Kattekwea’ yn tsjerke fan Wûns
‘Kattekwea’ yn tsjerke fan Wûns Foto aangeleverd

WONS- ‘Kattekwea’ is in fleurich, ferhalend konsert mei yn de haadrol it repertoire fan de legindaryske folkband IROLT, boechbyld fan de Fryske Folk. In fertelkonsert fol muzikale hichtepunten en smoute ferhalen. 

De muzyk fan Irolt hat yn ‘Kattekwea’ in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch propfol fertroude refreinen en hearlike herinneringen, presintearre troch twa yn it sâlt bebiten artysten dy ’t it ûndogensk wêze net ôfleard hawwe.

Inez Timmer wie de frontfrou van IROLT. Hja spyle yn ca 30 musicals yn binnen- en bûtenlan, wie nominearre foar har fertolking fan Mme Armfield in ‘A little night music’ (Nederlandse Reisopera, beste vrouwelijke bijrol!), helle de heale finale bij ‘The Voice Senior’ en wûn de publykspriis plus jurypriss by it Ouderensongfestival Amsterdam fan 2021. Inez skreau en spile in dozyn teaterprogramma’s en heart sûver by it Frysk Kultureel Erfgoed.

Peter van der Zwaag hat in lange steat fan tsjinst as pianist/begelieder fan in soad artysten, wêrûnder Gerrit Breteler, Jenny Arean en Robert Long. Peter is in wiere toetsentsjoender, in betûft komponist, arranzjeur en orkestlieder.

Zondag, 24 maart 2024 in de kerk te Wons

Aanvang: 15.00 uur

Toegangsprijs: € 10,00