Tsjerketsjinsten Johannestsjerke Toppenhuzen yn maart live by Omrop Fryslân

Door: Ynte Dragt Cultuur en uitgaan
Johannestsjerke Toppenhuzen
Johannestsjerke Toppenhuzen Foto: Protestantse gemeente Top en Twel

TOPPENHUZEN - De Johannestsjerke fan Toppenhuzen is yn maart ‘Tsjerke fan de moanne’ by Omrop Fryslân. Dat betsjut dat yn dizze moanne de sneinstsjinsten live op televyzje útstjoerd wurde út de tsjerke. 

Yn de oanrin nei de Peaske is dit fansels in moaie tiid om ús tsjerke foar in grut publyk op de kaart te setten, fine se yn Top en Twel. De tsjerklike gemeente hopet dan ek op moaie tsjinsten en dat der in soad folk op de tsjinsten ôfkomt. De útstjoering by Omrop Fryslân begjint om 10.00 oere en de tsjerkegongers wurdt frege om 9.45 oere oanwêzich te wêzen yn de tsjerke.

De earste tsjinst út de Johannestsjerke wei is te sjen op snein 3 maart by Omrop Fryslân. Foargonger is ds. Nicolle Pronk.

Bron: Topentwelonline.nl