Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s

Door: Henk van der Veer Cultuur en uitgaan
Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s
Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s Foto aangeleverd

BLAUHUS- Sneon 2 maart en 13 april organisearret de wurkgroep Histoarysk Blauhûs in foto-ynbring-middei fan 13.30-17.00 oere yn kafee De Freonskip.
De wurkgroep ropt elkenien op om langs te kommen mei foto’s fan strjitten, aktiviteiten, famyljes, groepen, winkels en oare bedriuwen mar ek aansichtkaarten, portretten, it boerelibben, gebouwen en doarpsoansichten fan Greonterp, Westhim, Wolsum en Blauhûs. 

Dokuminten, ‘Fan Eigen Hiem’ doarpskranten en fotoboeken binne ek wolkom.

“We binne gek op foto’s, ek út de jierren ’80 - ‘90’, alles wurdt daliks scand, registrearre en werom jûn oan de eigener” Der is gratis kofje, tee. Oan de rûne tafel kin je gesellich oer je foto’s fertelle. En der is in presintaasje fan foto’s út it argyf.

Digitale foto’s binne wolkom fia historischblauhus@blauhus.nl It doel fan dizze aksje is it argyf op te bouwen en te publisearjen op in nije website foar Histoarysk Blauhûs eo.

Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s
Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s
Blauhús is op syk nei histoaryske foto’s