Oar type publyk by Slach by Warns: ‘Mar it byt elkoar net’
Cultuur en uitgaan
WARNS - Mei mar in snitterke rein en in hiel behoarlike opkomst is de betinking fan de Slach by Warns goed ferrûn. De organisaasje wie tefreden mei hoefolle flecht oft der op ‘e koai wie.
It tema wie de frije, sûne Fries mei lêzingen fan amateurargeolooch Robbert Velt en antropologe Anne-Goaitske Breteler. Sy hie it oer de betsjutting fan de Fryske identiteit en de wize wêrop’t dat Friezen sûn en fearkrêftich makket, of just ek net.
It publyk dat op de betinking ôf komt is wol wat feroare sûnt ûnder oare de coronakrisis, wêryn’t it begryp frijheid foar guon minsken in ekstra lading krige.
Lolke Huitema fan Tersoal hat by sa’n tritich betinkings west en sjocht no ek oare minsken: ‘Je kinne oan de klean fan de minsken meastentiids wol sjen. Net gewoan yn de spikerbroek bygelyks. Se ha ek in soad flaggefertoan, dêr ha ik sels net safolle mei.’ Mar it smyt neffens Huitema gjin problemen op: ‘It byt elkoar net.’
‘Respekt’
Foar ynterim-foarsitter Bruno Rummler fan de organisaasje is it wichtich dat der romte foar elkenien. Rummler: ‘Salang’t je respekt foar elkoar hâlde, fine wy it moai as wy alles betsjinje kinne. Dêrmei hoege je net de iene of de oare kant te kiezen. Sa is it hjir ea ek ûntstien.’
Rummler fynt it prima as minsken ferskillend oer guon saken tinke: ‘Mar wy binne it iens oer it wichtich wêzen fan de taal, de frijheid en de kultuer. Dêr moatte je altiten foar stean en dat kin hjir.’
Bron: Omrop Fryslân