Cultuur en uitgaan

Fordivedaesje út Toppenhuzen spilet ‘Sneinsbern’

Toppenhuzen - Toanielferiening Fordivedaesje út Toppenhuzen spilet 7 en 8 Maart it stik ‘sneinsbern’. Sneinsbêrn, oerset troch Gerrit Tasma, is in tragikomeedzje, die’t him ôfspilet yn in fersoargingshûs. In tragikomeedzje: it wurd seit it al, in stik mei in laak en in trien. Hiel herkenber, bytiden oandwaanlik, dan wer in laak ferskine littend.

Afbeelding

Twa bewenners, Kuperus en Alberda hawwe elkoar fûn yn harren striid tsjin de takomst fan it âlder wurden wêr’t se sa bang foar binne. Wêr’t de ien bang is foar de ‘plestik broek’ is de oar bang dat er demint wurdt. By dizze tragyk fan it âlder wurden yn sa’n fersoargingshûs, goaie de twa mannen hun fernaamste wapen yn’e striid: humor! Bûten de oandwaanlike mominten en prachtige dialogen, wurdt der ek flink lake.

De rezjy fan dit stik is fan Freddie Reijenga fan Witmarsum. Hy wie de skreauer fan it stik de trije wierheden wat yn 2013 op de slutjûn fan staf opfiert is. Reijenga folget no de regiseurs oplieding en dit stik by toaniel feriening ‘fordivedaesje’ is syn ôfstudeer projekt

It is beide jûnen te sjen om 20.00 oere yn it Harspit, P. Walmastrjitte 8a, yn Toppenhuzen. Kaarten binne oan de kassa te krijen

Afbeelding