Cultuur en uitgaan

Nij gedicht fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân

Nijmakke-âld

Afbeelding
Snits- Hjir ûnder in nij fers fan Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân.

                                                                                                Almost blue, Chet Baker

Nijmakke-âld herberget dyn hert

in lytse jazz ûnder jong febrewarisljocht.

In frou (it brein dea, de siken derút)

joech dy it lichem syn tiid, gong en slinger werom,

do, fluitsjend no de grêften del, it hert

in triljen sûnder roai, tromjend as gjin oar.

Yn de kroech by de Aldhou, earder

in roukeamer, wurdt frege: En

fielsto har ek, djip yn murch en bonken,

en hearsto ek de neigalm fan

har herteklop, bywannear’t

de Dode Zielen oer de loften geane, want

miskien wol net wérklik it brein dea?

Sst... se is my de beker fan âlde tabernakels,

har wetter, myn wyn.

Hear hoe’t ûnder yn it kafee Chet Baker

traach, omtrint ûnderierdsk,

it liet blaast dat yn de ein syn begjinnen fynt.

Afbeelding