Ekstra foarstelling Iepenloftspul Jorwert
Jorwert - ‘Heit hâldt noch fan mem. Mem hâldt noch fan heit. Beiden hâlde sy noch fan Kristian. Mar o, wat in ûnmacht.’ Mei’t ús lêste 6 foarstellingen kompleet útferkocht binne, wolle wy eltsenien dochs noch de gelegenheid jaan in bjusterbaarlike jûn yn de Jorwerter Notaristún te belibjen. Op 26 septimber is der, opnij, in ekstra foarstelling fan ‘It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht’.

It ferhaal yn it koart
It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht is de Jorwerter bewurking fan it boek Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 16. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge ken alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, moat er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn, en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet.
eigendom piet douma
It publyk wurdt mei fideobylden meinommen yn de wrâld en yn de holle fan in jonge mei autisme; in multymediaal spektakel. De toanielploech bestiet út spilers fan de ôfrûne jierren, oanfuld mei nij talint.
Mis it net, bestel ienfâldich kaarten fia ynternet of telefoan:
Ynternet - www.iepenloftspuljorwert.nl Telefoanyske kaartferkeap - tusken 19.00-20.00 oere op telefoannûmer 06-31408946













