Frysk Berne Spektakel Merakels yn Nijlân
NIJLAN - Op woansdeitemiddei 24 oktober, midden yn ‘e hjerstfakânsje, set Merakels de doarren fan MFC ‘De Mande’ yn Nijlân wiid iepen foar bern fan 4 oant 10 jier dy’t sljocht binne op teater, muzyk en kreatyf dwaande wêze. It bysûndere fan Merakels is dat bern de kâns krije om op ien middei trije foarstellings mei te meitsje. Elk oere wurdt der wiksele en kinne de bern op in oar plak sjen. De doarren gean iepen om 13.15 oere en de middei duorret fan 14.00 oant 17.00 oere. De yntree is 6 euro.

Neist de foarstellings is der ek noch fan alles te dwaan, sa as sminken, knutseljen, en mear. Der binne allegear leuke dingen te dwaan, te besjen en te belibjen !













