FNP: Starum flot feilich berikber meitsje
FNP Súdwest-Fryslân wol dat nei 25 jier fergaderjen de drokke ferkearsrûte fanôf de provinsjale N359 oer Himmelum en Warns nei Starum no einlik ris feilich makke wurdt. De, spesjaal foar dit knelpunt yn it libben roppen, wurkgroep fan pleatslike belangen hat it trasee jierren lyn al mei de gemeente Nijefurd bepraten, it wachtsjen wie noch op fierdere útwurking en oerlis mei de Provinsje Fryslân.

De FNP fynt dat de nije dyk mei fytspaad bydraacht oan in better wen- en leefklimaat yn Himmelum, Warns en Starum en de wurkgelegenheid yn de rekreaasjesektor tegoede komt. De FNP wol dat it yn 2013 ta in útdragen saak komt en ropt tongersdei 13 desimber mei de lêste riedsfergadering fan dit jier it kolleezje op om foar 1 july 2013 mei in definityf foarstel nei de rie te kommen.







