Keunstwurk oan Brekkenpaad stellen

0

Aldegea – It tige sympatike keunstwurk fan in Tsjirkje (Tureluur) oan it Brekkenpaad by Aldegea SWF is dizze wike troch ûnbekenden stellen. De eigner, Gerben Rypma Stifting fan Blauhús, is ferbjustere: “Wa docht soks? Bringt it asjeblieft wer werom”.

It Tsjirkje is ûnderdiel fan de Gerben Rypma Hikke, in mei soarch ynrjochte rêstplakje om te genietsjen fan de rike natuer oan it Brekkenpaad. Op de hikke stiet de tekst ‘ik fiel my hjir sa rom en frij’, in strove út it gedicht ‘Wetterlannen’ fan skilder dichter Gerben Rypma dy’t hjir lang yn in Klinte húsmanne.

It keunstwurkje, in kreaasje fan keunstner Hans Jouta, stie der sûnt 25 oktober en is dus no krapoan 4 moanne letter alwer fernield. De Gerben Rypma Stifting docht de oprop: “hawwe jo ús Tsjirkje thús te pronk stean, bring it dan werom. Sjogge jo it by in oar stean meld dat dan by de plysje of by ús”.

Foto’s: Kulturele Kuier. Foto fan de Gerben Rypma Hikke (Foto Gerben Rypma Stifting
20200.
Foto fan gat wêr it Tsjirkje stie (Foto Gerben Rypma Stifting)
Oplevering. Foto Tsjirkje (Foto Fryske Gea)

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend