FNP: Rânewei Warns goed foar ûntslúting Starum

0

De FNP yn Súdwest-Fryslân is ynnommen mei it positive advys fan B&W om Rânewei Warns oan te lizzen. Tongersdei 4 july beslút de ried der oer. FNP riedslid Sicco Rypma: ‘de nije dyk is in tige wichtich ûnderdiel fan in folsleine feilige dyk tusken de N359 oer Himmelum nei Starum. We prate der al jierren oer, it moat no écht wêze’.

Njonken de ûntsluting moat de rânewei ek de ferkearsproblematyk yn Warns tsjingean. Sa’n 900 auto’s, frachtweinen en swiere lânboumasines ride no deis oer de smelle Himmelumerdyk en Buorren. Undersyk troch Focus SWF makket dúdlik dat 40 jier lyn de eardere gemeente Nijefurd al oer de ferkearproblematyk prate. De lêste jierren kaam de ûntsluting fan Starum yn in streamfersnelling:

  • Jannewaris 2015 is de FNP moasje ‘mei faasje te wurkjen oan de realisaasje fan de rûnwei Warns’, unanym troch de ried oannommen.
  • Yn 2016 is it fytspaad Warns – Starum oanlein.
  • 14 Novimber 2017 hat de ried it projekt ‘Ontsluiting Stavoren, onderdeel rondweg Warns’ as hammerstik oannommen.
  • Septimber 2018 is rânewei Himmelum offisjeel iepene. It kolleezje skriuwt dan yn it parseberjocht: Na voltooiing van de rondweg aan de zuidkant van Hemelum resteert de verkeerssituatie in en om Warns.
  • April 2019 wie 64% fan de ynwenners fan Warns posityf oer it oanlizzen fan de rânewei.

Sicco Rypma: ‘It jild leit al jierren op e planke, de skeppe kin aanstons de grûn yn. As it oan de FNP leit, jout de ried der mei de riedfergadering fan 4 july 2019 in klap op’.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend