Brieven fan Fryske fersetsstrider Willem Santema nei Tresoar

0

Snits- Tresoar krijt foar it earst brieven fan fersetsstrider Willem Santema yn besit. De yn Skearnegoutum berne Santema siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Raad van Verzet. Yn dy perioade wenne Santema yn Snits. De ein fan de oarloch helle hy net, want op 10 augustus 1944 waard er fusillearre yn Vught. It giet om twa brieven. Ien dêrfan is neffens in saakkundige net orizjineel, mar letter oerskreaun. De oare brief liket wol orizjineel en is wierskynlik skreaun doe’t Santema finzen siet yn Kamp Vught.

De brieven binne yn besit fan Tresoar kommen mei de help de famylje fan Jan de Rapper, in oare fersetsman fan Snits.

Willem Santema in fersetsman yn wurd en byld

Yn 1990 kaam der in boekje út oer it libben fan Willem Santema, gearstâld troch syn omkesizzer Willem O. Santema ( ferline jier ferstoarn ) en Henk van der Veer. Yn Snits is in strjitte nei Willem Santema neamd.

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend